FIDEO: Hans Boersma is al drok mei de skûtsjes

14 feb 2018 - 17:25

It skûtsjesilen duorret noch wol in pear moannen, mar Hans Boersma is al lang mei de skûtsjes dwaande. Hy is nammentlik mêstebouwer en makket ek swurden. "Yn it begjin seach ik by it silen en tocht ik dêr sylt in mêst fan my, mar dat ha ik no net mear. De helte fan de IFKS sylt mei myn spul en sa'n tsien, alve by de SKS. It wurdt al gewoan." 

Nei de boufak begjint syn wurk al. "Skûtsjes ha skea, en nei de silerij bringe se it foar ûnderhâld, reparaasjes of se wolle nij materiaal." Hy wurket al hiel lang mei hout. "As fjirtjinjierrige boude ik al hokken foar de buorlju en in jier letter wienen dat garaazjes. Ik bin der mei opgroeid, ús heit siet ek yn it hout. En yn skûtsjes sit in soad houtwurk." Yn 1991 is Boersma foar him sels begûn. As it hout klear is, stiet it by him yn de stalling oant it guod yn de maitiid wer ophelle wurdt. 

Yn Fryslân Hjoed komme geregeld saken oer it skûtsjesilen foarby en Afke Boven fertelt wat de lêste nijtsjes binne.

Trefwurden: 
skûtsjesilen mêstebouwer
(advertinsje)