Tyt'diel moat drainaazje fêstlizze yn bestimmingsplan

© Googlemaps
De Ried fan Steat giet akkoart mei de bou fan 14 wenningen op de lokaasje fan de eardere garaazje Wijnia oan de Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp. Betingst is wol dat de gemeente mei in drainaazjebuis soarget dat der maatregels naam wurde om wetteroerlêst by de buorman foar te kommen. Dat stiet yn in útspraak dy't woansdei bekend wurden is.
De buorman is Ronnie Schievink. Hy stapte yn desimber nei de Ried fan Steat. Hy is benaud foar wetteroerlêst, omdat syn terrein folle leger leit. Hy woe dat de gemeente in sleat grave soe, om it wetter ôf te fieren, mar de gemeente kiest foar in drainaazjebuis. De Ried fan Steat hat dêr gjin beswier tsjin, mar allinnich as soks yn it bestimmingsplan fêstlein wurdt. De gemeenteried krijt dêr no fjouwer moanne de tiid foar. Dêrnei folget noch in einútspraak oer it bestimmingsplan.