Spesjaal plysjeteam ûndersiket dea man (56) yn Heech

14 feb 2018 - 16:25

De plysje hat ekstra minsken set op it ûndersyk nei de dea fan in 56-jierrige man út Heech. De man waard in wike lyn fûn yn syn hûs, neidat famyljeleden alarm slein hiene. Earder waard der troch de plysje al spoare-ûndersyk dien, mar dat hat noch gjin deadsoarsaak opsmiten. Ek ûndersyk troch it Nederlands Forensisch Instituut joech gjin dúdlikheid.

Der is no in Team Grootschalige Opsporing opstart. Dat bestiet út meardere plysjeminsken en wurdt ynset by swierdere en komplekse resjerzje-ûndersiken. It team hâldt alle senario's noch iepen.

Trefwurden: 
dea Heech ûndersyk plysje
(advertinsje)