Bylden frijjûn fan pinpasdief yn Ljouwert

14 feb 2018 - 15:35

De plysje hat bylden frijjûn fan in man, dy't jild opnommen hat mei in stellen bankpas. De plysje hopet der sa efter te kommen wa't de dief is. De bankpas waard op 20 desimber ferline jier stellen fan in besiker fan it sikehûs MCL yn Ljouwert. Dy besiker wie in ynwenner fan 54 jier út Menaam. De stellerij wie middeis om healwei trijen. Tweintich minuten letter waarden al grutte bedraggen opnommen by jildautomaten yn Ljouwert.

Opfallend wie dat de dief ek rôlen muntjild opnommen hat by in muntrolautomaat fan in bank yn Ljouwert. Dat is fêstlein troch in bewakingskamera fan de bank. Wa't de dief ken, kin mei de plysje belje op 0900-8844. In anonime melding kin op 0800-7000.

Trefwurden: 
pinpasdief Ljouwert MCL
(advertinsje)