Saak deadlike sjitpartij Easterwâlde yn maaie foar rjochter

14 feb 2018 - 15:22

De saak fan de deadlike sjitpartij yn Easterwâlde fan ferline jier augustus, komt ein maaie foar de rjochter. Dat is woansdei bekendmakke by de pro forma behanneling fan de saak. De fertochte is in man fan 59 jier út Easterwâlde. Hy sit noch altyd fêst en wie woansdei net by de pro-formasitting oanwêzich. De rjochtbank hat syn foararrest ferlinge. De man wurdt derfan fertocht dat hy op 27 augustus in man om it libben brocht hat yn in wenning oan de Stegingaweg yn Easterwâlde. De fertochte hierde it hûs fan it slachtoffer. By de plysje stie de wenning bekend as in drugspân. It misdriuw soe ek drugsrelatearre wêze. By de pro-formasitting sei de offisier fan justysje dat it ûndersyk sa goed as klear is.

Der wurdt noch ûndersyk dien nei it wapen dêr't it slachtoffer mei om it libben brocht wêze soe. Njonken bloedspoaren fan it slachtoffer is op it wapen ek it dna-profyl fan in oare persoan oantroffen. Fierder is it wachtsjen op it forinsysk rapport. Advokaat Evert van der Meer wol noch twa tsjûgen hearre litte by de rjochter-kommissaris: de broer fan de fertochte en in frou dy't ek by de sjitpartij west ha soe. De rjochtbank hat alle fersiken tawiisd.

(advertinsje)