Skoalbern ha plan om auto's minder hurd ride te litten

14 feb 2018 - 14:33

Ynwenners en skoalbern út Boarnburgum en De Rottefalle presintearje tongersdei harren plannen om it ferkear yn harren doarpen feiliger te meitsjen. Sy dogge dat yn it ramt fan it projekt Feilich op 'e dyk fan de gemeente Smellingerlân en it Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens Fryslân. De âlden en skoalbern hawwe de lêste tiid neitocht oer de mooglikheden om auto's minder hurd ride te litten.

De earste aksje hat earder dit jier al west. Yn Boarnburgum hawwe skoalbern doe mei de plysje de snelheid fan auto's yn har doarp kontrolearre en de bestjoerders dêrop oansprutsen.
 

(advertinsje)