Fries Museum ticht as gefolch fan stroomsteuring

14 feb 2018 - 14:25

It Fries Museum yn Ljouwert is op woansdeitemiddei ticht. Earder fannemoarn wie yn in diel fan Ljouwert in stroomsteuring. Dy is yntusken ferholpen, mar it museum hat noch hieltyd lêst fan de gefolgen. Sa wurket op dit stuit it ljocht net. It is dêrtroch net fertroud om besikers nei binnen te litten. Der is yntusken in monteur oproppen om it probleem te ferhelpen. It is noch net dúdlik hoe lang oft dy wurk hat.

Neffens de netbehearder wie der in steuring yn it fiedingsnet. Nei inkelde minuten wie de boarne fan de steuring wer ferholpen.

(advertinsje)