Pyeongchang, dei 7: Sven en Jorrit op de 10 kilometer

15 feb 2018 - 06:30

Tongersdei, op de sânde dei fan de Olympyske Spelen, wurdt der fansels wer reedriden. Dizze kear is it de grutte kreaker: de 10.000 meter by de manlju. Mei fansels Sven Kramer en Jorrit Bergsma.

12.00 oere: De 10.000 meter manlju

It wurdt tongersdei de grutte dei foar sawol Sven Kramer as Jorrit Bergsma. Kramer wol nei de teloarstellingen yn Vancouver en Sotsji lang om let dy gouden plak op de 10.000 meter binnenhelje. Foar Jorrit Bergsma is it syn iennige kâns op in medalje, en is it in kwestje fan no of net. En wylst Sven Kramer dwaande wie mei krêftsynspanningen op de 5000 meter, koe Jorrit Bergsma him folslein konsintrearje op de 10 kilometer. Grutte konkurrint foar beide Friezen is de Kanadees Ted-Jan Bloemen, dy't earder dit seizoen yndruk makke op ferskate oare eveneminten. Sa pakte er de wrâldrekôrs op de 5 en de 10 kilometer fan Sven Kramer ôf. De trije komme achterinoar yn aksje yn de lêste trije ritten.

Freed: in dei sûnder Friezen

Foar it earst dizze Olympyske Spelen komme wy in dei sûnder Fryske ynbring foarby. Der wurdt wol reedriden, mar by de 5000 meter by de froulju komme gjin Friezen yn aksje.

Foarsizzingen

Alle dagen docht in panel fan sportsjoernalisten in foarsizzing foar de medaljekânsen fan dy dei. Dat binne Johan Stobbe (Leeuwarder Courant), Koos Wieling (sjoernalist Omrop Fryslân), Lisette van der Geest (sjoernalist Algemeen Dagblad), Joris van den Berg (kommentator shorttrack NOS), Roelof de Vries (sjoernalist Omrop Fryslân) en Cees Juffermans (âld-shorttracker en analist NOS).

Manlju 10.000 meter

​Foarsizzing Koos Wieling

1. Sven Kramer (Nederlân)
2. Jorrit Bergsma (Nederlân)
3. Ted-Jan Bloemen​ (Kanada)

Foarsizzing Johan Stobbe

1. Sven Kramer (Nederlân)
2. Jorrit Bergsma (Nederlân)
3. Ted-Jan Bloemen (Kanada)

​Foarsizzing Lisette van der Geest

1. Sven Kramer (Nederlân)
2. Jorrit Bergsma (Nederlân)
3. Ted-Jan Bloemen (Kanada)

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)