Skoalle yn Oentsjerk ropt help fan âlden yn by staking

14 feb 2018 - 13:21
  • Alden helpe by staking yn Oentsjerk
  • Alden stienen yn Oentsjerk foar de klasse

Yn hiel Noard-Nederlân binne juffen en masters fan it primêre ûnderwiis woansdei foar de tredde kear oan it staken. In soad bern sitte dêrom alwer thús. Mar net op alle skoallen stake de learkrêften. CBS de Paadwizer yn Oentsjerk hat in alternatyf en kreatyf programma betocht. De skoalle hie woansdei in "Valentijns-stakingsdag" mei as motto 'Heeft u net als ons HART voor het onderwijs? Maak dat deze dag dan HARD!'

De skoalle frege om de help fan âlden. Dy hienen bygelyks pleinwacht of se holpen yn de klasse yn it ramt fan wurkdrukferlichting. De juffen en masters hienen sa mear tiid foar administraasje, ekstra begelieding, rapporten skriuwe en toetsôfname. Dêrneist wie der om 10:00 oere in lawaai-optocht. De bern mochten fan alles mei nimme dat kabaal makket en dêrmei troch it doarp rinne. Sa wienen der bygelyks bern mei pannen en deksels, toeters en spandoeken.

(advertinsje)