Leenstra: "Dy fammen rieden sa goed, sa goed wie ik net"

14 feb 2018 - 13:09

In teloarstellende 1000 meter foar de Fryske froulju. Sawol Ireen Wüst as Marrit Leenstra en Heather Bergsma hiene net genôch yn harren om woansdeitemiddei op it Olympyske poadium te kommen. Ireen Wüst hie fuortendalik al troch dat it net genôch wêze soe, "Ik denk dat je 1.14.5 of 1.14.7 moet rijden," sei se fuort nei har rit.

De rit fan Wüst begûn opnij mei in falske start, krekt lykas op de 1500 meter. "Eergister wachtte ik heel lang, en ik dacht nu dat ik in het schot viel. Maar ja,  ik moest terug. Al maakte dat in principe niet heel veel uit."

Nei de start like it derop dat Wüst in technysk goede en konstante rit ride koe. Dochs hat se dêr sels oare gedachten oer: "De start had ik graag een tiende harder gewild. De eerste ronde was wel ok, alleen het verval was iets teveel. Ik had niet de benen die ik op de 1500 meter had." Nettsjinsteande de teloarstelling hat de Feanster de 1000 meter altyd nochter benadere: "Dit seizoen heb ik nog niet een goede 1000 gereden, maar dan hoop je toch dat je in een flow zit en dat alles samenvalt."

"Sa goed bin ik no gewoan net"

Ek foar Marrit Leenstra wie it in teloarstelling op de 1000 meter. "It wie foar my in goede race, allinnich dy topsnelheid dy hie ik net. It wie gewoan te stadich. It is wol bale, en ik hie op mear hope. Mar dy fammen rieden gewoan sa goed. Sa goed haw ik spitigernôch net riden, en sa goed bin ik gewoan ek net op de 1000 meter op dit stuit." 

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)