Soad Fryske masters en juffen stake

14 feb 2018 - 12:28

Juffen en masters stake woansdei manmachtich op de Fryske basisskoallen. De fakbûnen binne yn it Noarden úteinset mei in estafette-staking dy't letter yn oare parten fan it lân oernaam wurdt. It giet no foaral om in better lean. Freed binne der al ôfspraken makke mei minister Slob fan Underwiis oer bestriding fan de wurkdruk. Om dochs in fergoeding te krijen, koenen stakers harren ynskriuwe yn Frjentsjer en Grou of yn Grins dêr't om 13.00 in grut protest wie.

Foar in soad bern moast ûnderdak socht wurde, want de skoallen binne sa goed as allegearre ticht. Op De Paadwizer yn Oentsjerk is wat kreatyfs betocht. Dêr moasten de bern wol nei skoalle, allinne stienen net de juffen of masters foar de klasse, mar de âlden fan de bern.

Trefwurden: 
staking ûnderwiis
(advertinsje)