Gjin medaljes foar Wüst, Leenstra en Bergsma op 1000 meter

14 feb 2018 - 12:17

It is de Fryske dielnimmers net slagge om in medalje te heljen op de 1000 meter op de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä. Jorien ter Mors út Enschede, mar wenjend op It Hearrenfean, pakte de haadpriis op dizze ôfstân.

Ireen Wüst moast fuortendaliks yn de fjirde rit al fan start. Tsjin har direkte tsjinstanner Yvonne Daldossi út Italië hie se nei in falske start, gjin probleem. Mar nei goede tuskentiden en in technysk goede rit kaam se úteinlik net fierder as in tiid fan 1.15.32. Dochs bleau dizze tiid in lang skoft boppe-oan stean. Pas by de tolfde rit slagge it immen om ûnder de tiid fan Wüst te finishen. Jorien ter Mors moast dêr wol in Olympysk rekôr fan 1.13.56 foar ride. Dit wie úteinlik ek genôch foar de gouden medalje op dizze ôfstân. 

Marrit Leenstra fan Wikel kaam fjouwer ritten dêrnei yn aksje. De brûnzen medaljewinneres fan de 1500 meter moast it yn de lêste rit yn in direkte striid opnimme tsjin de Amerikaanse Heather Bergsma út Aldeboarn. Lange tiid like it derop dat de froulju yn de buert komme soene fan de tiid fan Ter Mors, mar yn de lêste ronde wie it úteinlik dochs net genôch. Leenstra kaam yn  in tiid fan 1.14.85 oer de streek, wylst Bergsma mei in tiid fan 1.15.15 finisheste. Leenstra waard sechsde, Bergsma achtste en Wüst úteinlik njoggende.

Op it poadium oan wjerskanten fan Jorien ter Mors stiene twa Japanske froulju. Nao Kodaira waard twadde yn 1.13.82 en Miho Takagi tredde yn 1.13.98. Foar Jorien ter Mors wie it de twadde yndividuele gouden medalje. Fjouwer jier lyn yn Sotsji wûn se de 1500 meter.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)