LIVE: IepenUP oer Sex & Technology

14 feb 2018 - 19:00

By IepenUP prate we op dizze Valentijnsdei oer seks en technology. Fansels komme alle kanten fan dit ûnderwerp oan de oarder en prate we ûnder oare mei in seksuologe, mar ek mei in plysje dy't minskehannel bestriidt. Elkenien is wolkom yn poppoadium Neushoorn om mei te praten en meisjen kin fansels ek online fan 20.00 oere ôf fia de livestream hjirboppe.

Foar of tsjin?

Te gast binne ûnder oare seksuologe Irma van Steijn en Talitha Rodenhuis mei de nijste hightech sextoys. Ek Anneloes Nieuwenhuijsse en Lotte Lust fan it Platfoarm foar frouljuserotyk en porno binne der, auteur Sabine van den Berg, Herro Schepper fan de plysje dy't minskehannel bestriidt. Joan Lindhout is anty porno. Spesjale gast is Kitty, in hightech sekspop. De muzyk komt dizze wike fan Der Untergang dy't Liwwadder punk makket.

Alles kin yn IepenUP

Diskusje, optredens, lêzingen, fideo's en muzyk; yn de wyklikse talkshow IepenUP yn poppoadium Neushoorn kin alles. Alle woansdeis steane yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei syn allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

Trefwurden: 
IepenUP
(advertinsje)