Ferwûnen by frontale botsing De Gordyk
By in frontale botsing op de Boargemaster Selhorstwei op 'e Gordyk binne woansdeitemoarn twa minsken ferwûne rekke. Twa auto's botsten boppe opinoar, nei alle gedachten wie it sicht troch de leechsteande sinne minder. De slachtoffers binne mei ambulânses nei it sikehûs brocht. De plysje docht ûndersyk.