"Utwreiding Airport kostet Fryslân soad jild en banen"

14 feb 2018 - 11:30

Utwreiding fan Lelystad Airport smyt yn de polder wol banen op, it kostet rekreaasjebedriuwen yn Fryslân, Oerisel en Gelderlân mear as 5.000 banen en mear as 200 miljoen euro. Dat binne de útkomsten fan in ûndersyk dat yngenieur Kees Baumann yn opdracht fan wurkgroep Laagvliegroutes Nee fan Munnikebuorren en de stichting Laag Overijssel makke hat.

Toeristen út de Rânestêd dy't de rêst fan it bûtengebiet sykje, sille net langer komme as de fleantugen hjir leech oer fleane. De fleantugen moatte sa leech fleane om't se ûnder it fleanferkear fan Schiphol bliuwe moatte. Gewoanwei meitsje fleantugen in glydflecht foar't se lânje, mar foar Lelystad meie se in útsûndering meitsje.

De fleantugen sette boppe Dútslân al de delgong yn en geane dan mei fol fermogen fierder op 1800 meter hichte. ''Mensen die met een fluisterbootje door Nationaal Park De Weerribben varen, krijgen dan om de zoveel tijd een vliegtuig op vol vermogen laag over zich heen'', seit Rob de Wind fan de wurkgroep. De wurkgroep hat de útkomsten fan it ûndersyk tiisdei presintearre oan de rekreaasjesektor. Dy is bot skrokken en sil ynkoarten mei in reaksje rjochting de polityk yn Den Haag komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)