Fergunningsoanfragen funest foar Sense of Place 2018

14 feb 2018 - 11:24

Fjouwer grutte keunstwurken dy't dit jier oan de kust fan de Waadsee komme soene, rinne foarearst fêst op de fergunningen en regels by it Waad. It giet om it projekt Sense of Place, fan Joop Mulder.

It meast prestizjeuze keunstwurk is 'Dyk fan in wiif'. Dat is in byld fan in frou fan 80 meter lang yn de seedyk by Holwert. Mar ek de pier fan 550 meter by Wierum en de terp fan de takomst by Blije rinne grutte fertraging op. Fierder kin ek de Mondriaankwelder op Skylge net dit jier begjinne. Yn it jier fan Ljouwert-Fryslân 2018 wie wol op de keunstwurken rekkene en inisjatyfnimmer Joop Mulder is dan ek bot teloarsteld dat it allegearre folle mear tiid kostet. Hy seit dat hy foarôf net ferwachte hie dat it krijen fan fergunningen sa dreech wêze soe.

"Nederland is dichtgeslibd met regels", sa seit Mulder. Dochs ferwachtet hy wol dat it noch goedkomt. Sense of Place is in projekt dat rint oant 2028. Oan de folsleine Nederlânske waadseekust, dus ek yn Noard-Hollân en by Grinslân moatte mei-inoar 36 grutte lânskipskeunstwurken delset wurde.

Trefwurden: 
Sense of Place LF2018
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)