Ekonomy is groeid; grutste groei yn tsien jier tiid

14 feb 2018 - 11:22
  • Ekonomy is groeid; grutste groei yn tsien jier tiid

De ekonomy draait goed. Yn 2017 is dy mei 3,1 persint groeid. En dat is de grutste groei yn tsien jier tiid, sa hat it CBS berekkene neidat de lêste kwartaalsifers fan 2017 bekend wurden binne. De oarsaak dêrfan is dat de ynvestearringen tanaam binne, mar ek de eksport en de konsumpsje fan húshâldingen. Dy joegen mear jild út oan klean, meubels en elektryske apparaten, mar ek oan hoareka, rekreaasje en kultuer.

Tagelyk mei de ekonomy is ek de wurkgelegenheid tanaam. En troch it oanlûken fan de wenningmerk is it fertrouwen fan de konsumint wer tanaam.

Trefwurden: 
ekonomy CBS wurkgelegenheid
(advertinsje)