Marjolein en Gjalt binne troud foar ien dei

14 feb 2018 - 15:05

Marjolein Zijlstra (25) en Gjalt Dijkstra (31) út Snits binne woansdei foar ien dei troud. Yn it ramt fan de Valentijnsdei-aksje fan de Omrop wie alles krekt as yn it echt. Dus nei de kapper, it passen fan in pak en jurk, troufoto's meitsje en fansels it útsykjen fan de ringen. En ek de bern, Naomi en Thomas, wienen moai oanklaaid. Omrop Fryslân folge de hiele dei.

Trouwe is in grutte dream fan Marjolein, al sûnt se in lyts famke wie. Se frege Gjalt al hieltyd, mar hy hapte noait ta. Se hawwe elkoar sân jier lyn hiel romantysk kennen leard: Gjalt stjoerde in bearke en in roas oer de post, op Valentijnsdei. Hy hie har foto op Hyves sjoen. Se hiene se elkoar noch nea moete, it wie fia in freondinne gien.

Under it nûmer fan 'Marry you' fan Bruno Mars brocht heit syn dochter Marjolein de studio binnen. Dêr stie de famylje al te wachtsjen. De seremoanje mei trouamnter Linda Veerman wie live op de radio, yn De middei fan Fryslân. "Sjoch elkoar oan en hâld elkoar de hân fêst." Tsjin Gjalt sei se: "Marjolein is dyn rots yn de branding, se soarget goed foar dy en dyn gesin en se is in leave mem. Do hast tasein datst wat romantysker wêze wolst."

Tsjin Marjolein sei se: "Gjalt is alles foar dy, hy makket dy hiel lokkich. Hy is in geweldige heit en freon." Nei it jawurd fan beide brocht Naomi de ringen. Nei de lokwinsken en de tút kamen der wat trientsjes. "Dit fielt hiel goed, in dream is útkommen," sei Marjolein. Gjalt joech earlik ta dat er it net dien hie as it wol echt west hie. Hy liet him ek net oerhelje om Marjolein echt te freegjen. "Ik zwicht niet onder druk." Mar... mochten se oait wol echt trouwe, dan litte se dat fansels witte.

As ôfsluting hat it selskip noch in romantysk diner yn it Catshuis oan de Nijstêd yn Ljouwert, yn de gewoane klean. "It wie noch folle moaier as ik ferwachte hie," fertelt Marjolein. "It wie in geweldige dei, ik ha echt genoaten. Fan alles, it hier, de make-up, de jurk en dat elk derby wie dy't my dierber is en it ja-wurd fansels. It fielt hiel echt foar ús." 
 

(advertinsje)