Skylge hoecht ynformaasje bou-affêre Spanjer net te dielen

14 feb 2018 - 10:33

De gemeente Skylge hoecht fan de Ried fan Steat gjin gefoelige dokuminten oer de bou-affêre Spanjer nei bûten te bringen. Dêrmei hat it riedslid Gossen Bos definityf gjin gelyk krigen. Dy hie earder fia in WOB-proseduere alle ynformaasje opfrege oer in bouplan oan de Alde Dúnwei yn Hoorn op it eilân. Hy die dat om't hy as riedslid net alle dossiers fan de bou-affêre ynsjen mocht. Hy woe dat de ûnderste stien boppe helle waard en beskuldige de gemeente fan in dôfpôtkultuer.

Neffens de Ried fan Steat hat de gemeente lykwols genôch ynformaasje oer de boufergunningsproseduere nei bûten brocht.

(advertinsje)