Boarplatfoarm oankaam boppe Skiermûntseach

14 feb 2018 - 10:15

It boarplatfoarm dêr't it Britske gaswinbedriuw Hansa Hydrocarbons proefboarringen mei dwaan wol, is yn de nacht fan tiisdei op woansdei oankaam op it boarplak sa'n 20 kilometer boppe Skiermûntseach. Kommende freed begjint it bedriuw mei de boarringen, nei't earder dúdlik waard dat der gas yn de boaiem fan de Noardsee sit. De boarringen moatte dúdlik meitsje hoefolle gas oft der krekt sit.

Tsjin de boarringen is in soad wjerstân. De Waadferiening is mei in petysje tsjin de plannen begûn. Dizze petysje hat yn koarte tiid al mear as 3.100 hantekens krigen.

(advertinsje)