Lotting 10 km op Spelen: Sven Kramer rydt yn lêste rit

14 feb 2018 - 09:45

Sven Kramer moat tongersdei op de tsien kilometer op de Olympyske Spelen yn de lêste rit ride. Hy moat it opnimme tsjin Patrick Beckert út Dútslân. Ted-Jan Bloemen, wrâldrekôrhâlder, moat yn de rit foar de Fries. Hy hat de Italiaan Nicola Tumolero as tsjinstanner.

Jorrit Bergsma, de titelferdigener, rydt yn de fjirde fan seis ritten tsjin Davide Ghiotto út Italië.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)