Kollum: "Trein"

"Juster wie it in Frysk lykspultsje. De kop fan Halbe fan Easterwâlde waard der ôfhelle, en Pia fan Dokkum siet yn 'e donorblommen. Mar wy sjogge inkeld nei Pyeongchang, want wy binne reedrider. We sjogge nei ús helden. As Jan Smeekens fan Snits it stadion ynkomt mei de flagge dan binne wy grutsk. As Olympysk kampioene Carlijn Achtereekte njonken Sjoerd de Vries fan De Jouwer delploft en mei him begjint te tútsjen, springt ús hert oerein. We jubelje om de goud-sulveren Hearrenfeanse Ireen Wüst. Antoinette de Jong fan Rottum ferwachtsje wy dalik op de 5km noch mear fan as it brûns dat se al hat.
Sjinkie Knegt fan Bantegea hellet ek al sulver, it is net te leauwen. Hy waard juster folslein ûnrjochte skrast, je meie se by it shorttracken dochs altyd oan de kant batse. Sven Kramer fan It Hearrenfean sprong gatten yn de loft by syn safolste gouden medalje, om't hy wit dat it publyk soks oh sa aardich fynt fan in keizer. En as Marrit Leenstra fan Wikel mei triennen yn de eagen mear as lokkich is mei it lang om let fuortsmiten fan dy einleaze rige fjirde plakken, dan janke wy mei.
As Lotte van Beek, de Swolse, dy't we oh sa gastfrij opfongen hawwe yn ús Fryske ploech, in hûndertste sekonde efter Leenstra sit, smoare wy yn it begrutsjen. Oh en dan sjogge wy dêr op Facebook har coach op in Koreaansk marke reedriden, Henk Hospes. Dy wie sels ea wrâldkampioen koartebaan. Dat wie neffens my yn 1987. Ja, dat wie op 'e baan fan Akkrum, dêr't de matadoaren, lykas Ykema en Liuwe de Boer har falle lieten, om't de iene baan folle better wie as de oare, en doe...
Sjoch, ik fersânje ek hielendal yn in nasjonalistyske ekstaze as it hillige iis ter sprake komt. Der is mear. Ik sjoch de Amerikaanske freestyle skyer Casey Andringa. Dat is fansels in neisiet fan âlde Knilles Andringa fan Boalsert dy't yn de fyftiger jierren nei Amearika emigrearre is. En ik tink ynienen, wy moatte hjir ek mar sa'n nuvere bulterige skybaan mei springplankjes hawwe. As in Fryske Amerikaan soks docht, is it ynienen ús sport. En alles wat topsport is, heart op It Hearrenfean. Teminsten Jaap Stalenburg, foar de fjirde kear dizze wike wer opnij as reserve yn de ried fan It Hearrenfean kaam, seit op twitter dat de lokale polityk soks allegearre regele hat. Hy wol ek bakken fol jild útjaan dat as de Tour de France nei Fryslân ta komt, om dy dan nei It Hearrenfean te heljen. Allegearre nonsens, mar ach, hy sit yn dyselde nasjonalistyske olympyske eufory.
Want as dy sporters weromkomme oer oardel wike, moatte wy mar ris freegje as se wol bliuwe wolle dêr op It Hearrenfean. Want de trein sil tenei oan It Hearrenfean foarby raze. Hy rydt no Grou en Akkrum al foarby. Dalik ek net stopje op stasjon Hearrenfean, Stienwyk, Meppel, sels net yn Swol. Yn ien kear trochjakkerje nei de Rânestêd.
En witte jim wat it alderslimste dêroan is: op sa'n stasjon stean, wachtsjend op de trein, en dan komt der sa'n fluch gefaarte op folle krêft foarby stowen, wylst je der noch maklik by yn kind hiene. Dat jout sa'n freeslik gefoel. Dan telle jo net mear mei.
Wylst ik bêst wit dat in trein net oeral stopje kin. En ik wit ek bêst dat de hastige wrâld der aanst oars útsjocht. Hè, dan stappe we moarns yn ús selsbestjoerende elektryske auto. We toetse in treinstasjon yn en hup hy bringt je dêr. Dan stappe jo yn de trein. De jûns komme jo werom, fluitsje jo op jo mobile tillefoan en hup dêr is it autootsje wer. Efteryn mei de flesse wyn dy't jo moarns dêr al klear lein hiene. Soef soef. Unsin? Nee. It fleanfjild yn Londen, dat fan 'e wike eefkes ticht moast fanwege in oarlochsbom, hat alle dagen 45 fleantugen fan en nei Nederlân. Hûnderten mannen yn moaie pakken en in kofferke.
Dus echt gjin ûnsin. Mar dan wol ik leafst moarns al grutsk it wurd "Hearrenfean" yntoetse. Us hillige plak, mei al dy keningen en keizers en harren akkommodaasje. Mar as de trein trochrydt, kinne jo dy akkommodaasjes wol wer ôfbrekke. En sit alle topsport wer gewoan yn de Rânestêd. En soks rint allegearre bûten de lokale polityk fan It Hearrenfean om, Jaap."