Man naait út nei ûngelok yn Boalsert

14 feb 2018 - 07:31

Op it bedriuwsterrein De Marne yn Boalsert is yn de nacht fan tiisdei op woansdei in auto út de bocht flein en op de kop telâne kaam. De bestjoerder wist sels út de auto te kommen en naaide út. De plysje hat de man letter thús oanhâlden. De man hat mooglik te hurd riden. Hy ried mei syn auto in lantearnepeal omfier. De auto rekke troch de klap swier skansearre.

Trefwurden: 
Boalsert ûngelok
(advertinsje)