Lilkens oer plan skrassen bushalten yn doarpskearnen

In eksperimint fan de provinsje mei busline 51 soarget foar in soad wjerstân yn in oantal doarpen. Dat die tiisdeitejûn bliken op in gearkomste mei Arriva, de provinsje en de doarpsbelangen fan Gytsjerk, Aldtsjerk, Burdaard en Rinsumageast. De bus komt ûnder oare troch dy doarpen en rydt fan Dokkum nei Ljouwert en werom.
De provinsje wol de bushalten út de doarpskearnen helje en se ferpleatse nei de provinsjale dyk, dy't troch de doarpen giet. Dat is needsaaklik, sa seit de provinsje, om't derfoar te soargjen dat it iepenbier ferfier op it plattelân takomstbestindich is. De kosten rinne op en dêrom moat sjoen wurde nei hoe't de linen goedkeaper makke wurde kinne, sûnder dat reizgers dêr in soad lêst fan ha.
Oerfallen
Dat soarget foar lilkens by de doarpsbelangen fan Gytsjerk, Aldtsjerk en Rinsumageast. Se fiele harren 'oerfallen' troch it eksperimint en tinke dat alles al útiten is en dat se der gjin ynfloed mear op ha kinne. De provinsje ûntkent dat en seit de suggestjes en arguminten fan de doarpen mei te nimmen yn de petearen.
Deputearre Johannes Kramer moat begjin maart útslútsel jaan oer oft it eksperimint troch giet of net. Njonken line 51 moat ek by line 54 in selde soart eksperimint plak fine. Neffens de provinsje is der yn de doarpen oan line 54, sa as Hallum, Ferwert en Marrum, hast gjin wjerstân.