VVD'er Baas oer opstappen Zijlstra: "De enige uitweg"

13 feb 2018 - 22:40
  • Foarsitter Ton Baas fan de VVD regio Noard

Halbe Zijlstra koe eins net oars as ôftrede as minister fan Bûtenlânske Saken. Dat sei foarsitter Ton Baas fan de VVD regio Noard tiisdei, yn reaksje op it opstappen fan syn Fryske partijgenoat. Zijlstra kaam dizze wike ûnder grutte druk te stean. Hy hie liigd oer in moeting mei Vladimir Poetin yn 2006. "Op een gegeven moment ben je in een soort fuik gezwommen, waar je niet meer uit kunt en dan is dit nog de enige uitweg", sa sei Baas.

Neffens de foarsitter fan de noardlike VVD is it ek it bêste foar de partij, dat Zijlstra opstapt is. "Als hij was blijven zitten en met veel hangen en wurgen het debat was doorgekomen, had dat de VVD meer schade toegebracht", sei Baas. "Ik hecht zelf zwaar aan de betrouwbaarheid van de politiek en als blijkt dat iemand willens en wetens een verhaal vertelt, dat achteraf niet blijkt te deugen, dan moet je daar ook de consequenties van aanvaarden."

(advertinsje)