Fryske skoalbern meie nei poëzymanifestaasje yn Antwerpen

Trije learlingen fan it Marne College yn Boalsert en it Magister Alvinus yn Snits sille yn april nei België, om dêr dichters en skriuwers te moetsjen. De learlingen wûnen tiisdei de poëzywedstriid VERS yn Snits. Tritich treddeklassers fan de beide middelbere skoallen droegen harren eigen gedichten foar en de sjuery fûn de gedichten fan Rigt Kleinjan, Jikkie Wagenaar en Danique Zweers it moaist.
VERS wurdt dit jier foar de tweintichste kear hâlden en der dogge tûzenen skoalbern út Nederlân en België oan mei. De makkers fan de bêste gedichten gean op 19 en 20 april nei Antwerpen.