Personiel basisûnderwiis Noarden fiert aksje

14 feb 2018 - 06:44

Juffen en masters yn it basisûnderwiis yn Noard-Nederlân lizze woansdei it wurk del. Se stake foar ferlichting fan de wurkdruk en in better salaris. Der fynt straks in grutte manifestaasje plak yn Grins. En ek yn Fryslân wurdt op ferskate plakken aksje fierd. Yn Grou is by OBS De Twa Fisken in manifestaasje, dêr't leararen harren stakingsformulier ynleverje kinne.

Neffens Wendy Alberts - Jorritsma fan PO-Front, in fakbûn fan en foar dosinten yn it basisûnderwiis, hawwe de nije aksjes benammen de ynset om it salaris fan dosinten omheech te krijen. Oant no ta hat it kabinet al tasein mear jild frij te meitsjen foar ekstra hannen yn de klasse, mar dat is foar de leararen noch net genôch. "We zijn natuurlijk hartstikke blij met de werkdrukverlaging, maar met ons salaris is nog niets gedaan," sa fertelt Alberts-Jorritsma yn it Omrop Fryslân programma, Fryslân fan 'e Moarn. "Dat klinkt natuurlijk altijd zo hebberig als je het over salaris hebt, maar toch voelt het nog steeds niet eerlijk. We verdienen een stuk minder; we hebben een HBO-opleiding, maar worden daar niet naar betaald." 

By de manifestaasje yn Grou wurdt ek de aksje 'hartenkreten' hâlden: hjirby wurde brieven fan dosinten oan Twadde Keamerleden ynlevere, wêryn't se útlizze hoe wichtich feroaringen yn it ûnderwiis foar harren binne. Dy brieven wurde nije wike tiisdei oanbean oan de Twadde Keamer troch de foarsitter fan CNV Onderwijs.

Trefwurden: 
staking basisûnderwiis
(advertinsje)