Steatsboskbehear set fûgelakademy op by Lauwersmar

13 feb 2018 - 19:55

It aktiviteitesintrum fan Steatsboskbehear by it Nasjonaal Park Lauwersmar feroaret yn in fûgelakademy. Fûgelleafhawwers kinne inoar dêr moetsje en de fûgels bestudearje. Deputearre Steaten stekt 130.000 euro yn de fûgelakademy. Ek de provinsje Grinslân en de gemeenten om de Lauwersmar hinne stekke jild yn it projekt. De fûgelakademy moat derfoar soargje, dat der minsken komme nei it Lauwersmargebiet.

"Het Lauwersmeergebied is een enorme vogelmagneet", seit boskwachter Jaap Kloosterhuis fan Steatsboskbehear. "Door de komst van een vogelacademie krijgen bezoekers nog wat gerichter informatie over wat er in het gebied is te zien en kunnen ze elkaar ontmoeten. Ook is het de bedoeling dat er in de academie onderzoek wordt gedaan door studenten." Kloosterman is dan ek tige wiis mei de bydrage fan de provinsje foar de fûgelakademy.

(advertinsje)