Fryske hoareka net entûsjast oer ferbod op smookromten

Spesjale smookromten yn hoarekasaken moatte ticht. Dat hat it gerjochtshôf yn Den Haag tiisdei bepaald. De feriening Clean Air Nederland hat dêrmei gelyk krigen. Guon hoareka-ûndernimmers fine dat mar neat. Sa ek Baukje de Vries fan de Ierske pub Paddy O'Ryan yn Ljouwert. Sy hat bot ynvestearre yn har smookromte fan glês. De Vries, âld-foarsitter fan Keninklike Hoareka Fryslân, tinkt dat it ferbod liede sil ta oerlêst op strjitte.
Sûnt 2008 jildt der in smookferbod yn de hoareka. De rjochter is fan miening, dat de spesjale romten net langer in útsûndering binne op it smookferbod. Der is noch heger berop mooglik tsjin de útspraak.