Halbe Zijlstra stapt op as minister fan Bûtenlânske Saken

13 feb 2018 - 17:15

Halbe Zijlstra stapt op as minister fan Bûtenlânske Saken. Zijlstra, dy't hikke en tein is yn Easterwâlde kaam dizze wike ûnder grutte druk te stean. Hy hie liigd dat hy yn it bûtenhûs fan Vladimir Poetin west hie. Dêr soe er heard hawwe, dat Poetin it oer in Grut Ruslân hie en hokker lannen dêrby hearre soene. Dizze wike die bliken dat Zijlstra net oanwêzich wie en it ferhaal basearre hie op in oare boarne.

Zijlstra wie sûnt 26 oktober 2017 minister fan Bûtenlânske Saken. Foar safier bekend is er de koartstsittende minister fan Bûtenlânske Saken ea.

(advertinsje)