Donorwet Dijkstra oannommen, elkenien automatysk donor

De donorwet is tiisdeitemiddei oannaam mei 38 stimmen foar en 36 stimmen tsjin. It foarstel fan Friezinne om utens D66-lid Pia Dijkstra waard tiisdei yn de Earste Keamer behannele. Dat de wet der trochhinne is, betsjut dat alle Nederlanners automatysk harren organen beskikber stelle, behalve as je oanjouwe dat je dat net wolle.
Trije Fryske senatoaren koene meistimme oer de wet. Joop Atsma fan it CDA en Max Aardema fan de PVV stimden tsjin. Hindrik ten Hoeve fan de ûnôfhinklike senaatsfraksje wie foar de wet.