Stúdzjefûns moat mear Fryske universitêre studinten lûke

13 feb 2018 - 16:32
  • Deputearre Sander de Rouwe

It kolleezje fan Deputearre Steaten wol derfoar soargje dat mear Fryske studinten in universitêre oplieding oan de Campus Fryslân folgje sille. Dêrom wurdt der in provinsjaal stúdzjefûns opset, wêrút Fryske studinten in bedrach krije kinne. It giet om in temjittekomming yn it kolleezjejild fan 750 euro yn it earste jier en 1500 euro foar it twadde en tredde jier. It kin foar Fryske studinten in ekstra triuw yn 'e rêch wêze, tinkt deputearre Sander de Rouwe. "Ut ûndersiken docht bliken dat we in kwart minder Fryske jongeren op it universitêr ûnderwiis hawwe. Hjirmei hoopje we de drompel wat leger te krijen." Studinten hoege it jild net werom te beteljen as se de stúdzje net ôfmeitsje.

De eask is wol dat je de bachelor Global Responsibility&Leadership folgje sille oan de Campus Fryslân. De Rouwe: "De bedoeling fan de Ryksuniversiteit Grins is dat der twahûndert studinten yn it jier komme. It soe moai wêze as fyftjin persint dêrfan echt út Fryslân komt". Yn totaal is der troch Deputearre Steaten in ton beskikber steld yn it stúdzjefûns.

(advertinsje)