"Nije taksysjauffeurs ride folle mear kilometers"

13 feb 2018 - 14:28
  • Jouke Douwe de Vries

De problemen by Jobinder binne noch net oer. It giet dan net yn it foarste plak om it learlingeferfier, mar om it WMO-ferfier. De partij Dongeradiel Sosjaal seit dat der sa min pland wurdt en der safolle flaters binne dat der folle mear kilometers riden wurde as nedich is. En ek wurde der folle mear buskes ynsetten. Dat soe grutte finansjele gefolgen hawwe.

Dongeradiel Sosjaal wol dat it kolleezje en benammen wethâlder Pytsje de Graaf ynsjoch jout yn de ekstra kosten dy't yntusken al makke binne omdat it mei de planning hieltyd mis giet. Dêr binne skriftlike fragen oer steld. It kolleezje hat tritich dagen de tiid om mei antwurden te kommen.

(advertinsje)