Meiwurkers GGD krije faksinaasje tsjin kinkhoast

De jeugdsûnenssoarch komt yn aksje: it tal bern mei kinkhoast moat nei ûnderen en dêr kinne sy in oandiel yn hawwe. Ofrûne simmer konkludearre de Gezondheidsraad dat elkenien dy't op it wurk yn direkt kontrakt komt mei bern oant in healjier âld, in besmettingsgefaar is. Dêrom wurde yn hiel Fryslân jeugdteams fan de GGD faksinearre tsjin de sykte. Tiisdei wie it jeugdteam fan De Jouwer oan bar.
Inisjatyf
It inisjatyf komt fan GGD-jeugdarts Jantsje Heeringa. "Wy binne yn Nederlân al mear as fyftich jier oan it faksinearjen tsjin kinkhoast, mar it hearsket noch hieltyd", seit Heeringa. Kinkhoast is in gefaarlike sykte foar poppen. As se besmet reitsje, kinne se skea oan harren longen deroan oerhâlde. Yn útsûnderlike gefallen hat it sels de dea as gefolch.
"It besmettingsgefaar foar kinkhoast is oeral, ek by folwoeksenen dy't it faak net trochhawwe dat se kinkhoast hawwe. Dêrom wolle wy as jeugdsûnenssoarch gjin gefaar foar de bern wêze en foarkomme dat se troch ús de sykte krije."
Yfke
Foar âlden fan jonge bern is dit in wichtige aksje. Ek foar Eeltje Stelpstra út Ferwert. Syn dochterke Yfke hat kinkhoast hân doe't se twa moanne âld wie. "Bern fan dy leeftyd binne sa kwetsber. Wy witte no hoe't it is om mei te meitsjen. Dêrom fine wy it wichtich dat der safolle mooglik dien wurdt om de âlderlytste bern te beskermjen."
It begûn by Yfke as in ûnskuldige ferkâldenheid, sa like it foar Eeltje en syn frou. "Mar it gong doe hurd de ferkearde kant op. Se hoaste mear as dat se sykhelje koe. It hat libbensbedriigjend foar har west. Troch it hoastjen, kin se skea oan de longen of harsens oprinne. Dat wie foar har, mar ek foar ús, hiel heftich om mei te meitsjen." It giet no wol in stik better mei Yfke: "Se is no oardel jier âld en wy tinke no net dat se der wat oan oerhâlden hat."
Besmettingsgefaar
It besmettingsgefaar fan kinkhoast by jonge bern is heech. Dit komt neffens Heeringa omdat se yn de earste moannen hiel fetber binne foar sykten en noch gjin faksinaasje foar kinkhoast hân ha." Poppen kinne besmet reitsje troch folwoeksenen dy't de kinkhoastbaktearje hawwe, mar ek troch oare bern. "Yfke wie noch net faksinearre en wy tinke dat se besmet rekke is troch har âldere suske. Dy gong nei de berne-opfang dêr't ferkâldenheid wie ûnder de bern. Mar bern fan in âldere leeftyd kinne dêr better mei omgean", seit Stelpstra oer syn dochterke.
Ek bern dy't net faksinearre binne tsjin kinkhoast kinne in besmettingsgefaar foarmje. Op dit stuit hat sa'n trije persint fan alle bern yn Nederlân gjin faksinaasje. Dy bern hawwe in grutte kâns om kinkhoast te krijen en oer te bringen op oare bern. Dêrom binne dy earste moannen neffens Heeringa hiel wichtich, om de besmettingskâns sa lyts mooglik te hâlden.
Aksje
"De faksinaasje fan ús meiwurkers draacht net by oan de saneamde groepsimmuniteit, dêrfoar sille de bern sels yninte wurde moatte. Mar wy fungearje nei faksinaasje net mear as 'tuskengasthear' foar kinkhoast de earstkommende fiif jier." De Gezondheidsraad riedt ek oan dat wurknimmers fan bygelyks sikehuzen, kraamsoarch en de berne-opfang in faksinaasje oanbean krije moatte fan harren wurkjouwer. "Wy besykje dat mei ús faksinaasje-aksje ek te stimulearjen. Wy binne net de iennigen dy't mei jonge bern wurkje", seit Heeringa.
Kinkhoast
"Hoe't it deroan tagiet yn Fryslân mei de kinkhoast, is dreech te sizzen". seit Heeringa. "Ut ûndersyk docht bliken dat jierliks sa'n njoggen persint fan de befolking yn Nederlân in kinkhoastynfeksje trochmakket. Dat is in hiel ferskil mei wat der úteinlik fia it lab fêststeld wurdt." Neffens sifers fan it RIVM hawwe der yn 2016 56 gefallen fan kinkhoast west yn Fryslân en it jier dêrfoar yn 2015 194. "Dit ferskil hat te krijen mei it feit dat it by folwoeksenen en âldere bern faak sûnder de kenmerkjende ferskynsels fan kinkhoast ferrint en dat húsdokters de sykte net altyd werkenne."
Kinkhoast stiet al wol bekend as de '100-dagen hoast'. De sykte duorret meastal rûn de trije moannen. It is foaral gefaarlik foar babys omdat se hiel benaud wurde en útput reitsje. It kin sels sa slim wurde dat se sa wurch binne, dat se stopje mei sykheljen en harsenskea oprinne.
Ryksfaksinaasjeprogramma
Sûnt 1957 is de faksinaasje tsjin kinkhoast opnaam yn it Ryksfaksinaasjeprogramma. Dêrfoar stoaren sa'n twahûndert bern yn it jier troch de sykte. Troch de faksinaasje is it tal besmettingen flink ôfnommen, mar sûnt 1996 nimt kinkhoast wer ta. Dit kin komme trochdat de baktearje fan struktuer feroare is, wêrtroch ek minsken dy't faksinearre binne siik wurde kinne.