Amazône swierferwûne nei sikehûs nei fal fan hynder

13 feb 2018 - 14:17

By Boarnburgum is tiisdeitemiddei in hynsterydster swierferwûne rekke. Se soe fan it hynder fallen wêze. It is net dúdlik hoe't it mei har is. Twa ambulânses en in traumahelikopter binne nei Boarnburgum kaam foar medyske help.

It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht, ûnder begelieding fan twa motorplysjes. Neffens in tsjûge soe it om in famke gean. De plysje koe neat sizze oer de leeftiid fan it slachtoffer. 

(advertinsje)