Falske skuldhelpferliener (36) moat oardel jier de sel yn

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 36-jierrige man út Heemstede moat fan de rjochter oardel jier de sel yn, om't er meardere minsken, wêrûnder Friezen, oplichte hat. De man die him fia radioreklames fan syn bedriuw VSB Nederland foar as skuldhelpferliener. Al gau die bliken dat it om in oplichter gie dy't neat foar syn klanten die. Guon fan syn slachtoffers rekken tûzenen euro's oan de man kwyt.
In slachtoffer út Drachten ferklearre foar de rjochtbank dat hy it dreech hat om minsken noch langer te fertrouwen. De oplichter moat de steat 16.000 euro betelje. Ek moat er ferskate slachtoffers it stellen jild werom betelje.