Gjin finale troch diskwalifikaasje fan shorttrackmanlju

13 feb 2018 - 12:53
  • Rjochtstreeks ferslach fan Roelof de Vries

De Nederlânske shorttrackers stean takom wike tongersdei net yn de finale fan de ôflossing op de Olympyske Spelen. It team fan bûnscoach Jeroen Otter waard yn de heale finale fan de 5000 meter ôflossing diskwalifisearre. Sjinkie Knegt krige by in ynhelaksje yn de lêste bocht in straf. It slagge de Nederlânske froulju earder ek al net de finales te berikken.

De útskeakeling fan de twa ôflossingsploegen is in ôffaller foar de Nederlânske shorttrackers. Fan sawol de manlju as de froulju waarden yn it foar medaljes ferwachte.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)