Sander Arends ûnderút op tennistoernoai yn Rotterdam

13 feb 2018 - 12:48

Tennisser Sander Arends is der tiisdei tegearre mei Thiemo de Bakker krekt net yn slagge te stunten op it ABN AMRO World Tennis Tournament. De Ljouwerter ferlear yn Rotterdam mei syn maat mei 2-1 yn sets fan Oliver Marach en Mate Pavic.

Supertiebreak

De earste set gie mei 6-4 nei de winners fan it dûbeltoernoai fan de Australian Open, begjin dit jier. Arends en De Bakker kamen noch knap werom troch de twadde set ienfâldich mei 6-1 te winnen. Yn de supertiebreak ferlearen de Nederlanners mar krekt: 11-9 foar Marach en Pavic.

Takom wykein spilet Sander Arends yn Marseille mei Matwé Middelkoop, dy't ferline wike noch it toernoai yn Sofia wûn. De Ljouwerter komt dit jier net langer út mei Antonio Sancic út Kroäsië. De twa ha nei oerlis besletten net mear tegearre te tennisjen.

(advertinsje)