Bestjoerder ferwûne by ûngelok op A31 by Dronryp

By in ûngelok op de A31 tusken Marsum en Dronryp is ien persoan ferwûne rekke. In auto rekke fan de dyk en botste tsjin de fangrail. In eintsje fierderop wie in rydstrook ôfsletten fanwege wurksumheden. It is net dúdlik oft dat wat mei it ûngelok te krijen hat.
De bestjoerder fan de auto is troch minsken fan de ambulânse nei it sikehûs brocht. Ferkear tusken Ljouwert en Harns waard oer de flechtstrook laat.