Frou Van Seggeren ferliest heger berop en bliuwt fêstsitten

13 feb 2018 - 12:20

De frou fan Tjeerd van Seggeren bliuwt fêstsitten. Dat hat it gerjochtshôf tiisdeitemoarn bepaald. Se wurdt fertocht fan belutsenheid by de dea fan har man. Har advokaat hie berop oantekene tsjin de ferlinging fan har foararrest. Se seit dat se ûnskuldich is. 

Van Seggeren waard yn july dea fûn yn in greide by De Westereen, nei't er dêr nei in festival west hie. Hy wie slim ferwûne oan syn holle. Neffens de plysje is er troch in misdriuw om it libben kaam. Syn frou is yn desimber oanhâlden en sit sûnt dy tiid fêst. Yn maart wurdt de saak behannele by de rjochtbank. 

(advertinsje)