Knegt en De Laat nei kwartfinales, Breeuwsma net troch

13 feb 2018 - 12:06

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea hat him tiisdei op de Olympyske Spelen pleatst foar de kwartfinales fan de 1000 meter. Knegt liet him net ferrasse en einige yn syn rit as earste. De Bantegeaster, dy't fjouwer jier lyn yn Sotsji brûns wûn op dizze ôfstân, komt sneon wer yn aksje. Dan stean de kwartfinales, de heale finales en de finale op it programma.

De Laat ek troch

Ek Itzhak de Laat fan Aldskoat stiet yn de kwartfinales. Hy einige yn syn rit as twadde, mar troch diskwalifikaasje fan de Sinees Ziwei Ren waard er klassearre as earste. Daan Breeuwsma slagge it net om him te pleatsen foar de kwartfinales. De 30-jierrige Fries einige yn syn rit as fjirde en lêste. Breeuwsma hie by de bêste twa einigje moatten.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)