Ofslútdyk koarte tiid ticht troch steuring by Koarnwertersân

13 feb 2018 - 11:55

Ferkear dat oer de Ofslútdyk fan Fryslân nei Noard-Hollân woe, hat om it middeisoere hinne lêst hân fan in technyske steuring oan de noardlike draaibrêge by de Lorentzslûs. De A7 tusken Koarnwertersân en Den Oever wie dêrtroch koarte tiid ticht. Wat der krekt oan de hân wie, is net dúdlik. De steuring wie ek samar wer foarby.

Rykswettersteat hie in monteur stjoerd, en doe't tariedingen troffen waarden om it ferkear fan en nei Fryslân oer ien baan te lieden, wie de steuring alwer oplost. Dat wie earder as tocht waard, meldt de Ferkearsynformaasjetsjinst.

Trefwurden: 
Ofslútdyk
(advertinsje)