Dyn foto op de cappuccino? Dat kin tenei mei in kofjeprinter

Yn Amearika is it al in skoft populêr, mar yn Nederlân wie it oant koartlyn noch relatyf ûnbekend: in foto printsje op dyn bakje cappuccino of latte macchiato. Fan woansdei ôf kinne Friezen yn in Kollumer hoarekasaak no ek in plaatsje op har bakje kofje krije.
''It moat wol mei molke'', fertelt Andrea Baste fan Gasterij Manjefiek. ''Besikers dy't in cappuccino, latte macchiato of chai latte bestelle, kinne har foto of logo dêrop printsje litte.''
Grutte kompjûter
It printsjen fan de ôfbylding bart mei in spesjale kompjûter. ''Op tafel stiet foar de klant in QR-koade, dy't se mei har mobile telefoan scanne kinne. Do stjoerst dyn foto of logo troch nei de kompjûter, dy't dan yn sa'n tsien sekonden de ôfbylding op de molke print'', neffens Baste.
De print wurdt makke mei in spesjaal kofje-ekstrakt, dêr't gjin smaak oan sit. Sa kinne de gasten gewoan genietsje fan harren bakje kofje.
Date
En de kwaliteit fan de ôfdruk? ''It is echt goed te sjen, tige dúdlik. En do kinst der ek oare saken as in foto op printsje litte. Kinst ek ien op date freegje fia in bakje kofje, of in spesjaal houliksoansyk dwaan.''