"Fryslân moat in nij opliedingsfûns krije foar wurknimmers"

Wurknimmers by de bou fan it akwadukt yn de Drachtsterwei © Leeuwarden Vrij Baan
It fakbûn CNV Vakmensen wol dat Fryslân as earste provinsje in regionaal opliedingsfûns krijt. Neffens it fakbûn binne der no foar elke sektor in soad fûnsen, mar kin der mei ien fûns in bettere 'match' makke wurde.
It jild út de fûnsen mei no mar beheind ynset wurde en dêrmei wurdt der in soad jild fuortsmiten, of soms hielendal net brûkt, seit it fakbûn. Dy sil dit kommende tongersdei nei foaren bringe by in byienkomst fan de SER Noard-Nederlân.
"We ha gjin jild en gjin tiid"
Undersyk fan it fakbûn wiist út dat in protte wurknimmers wol in ekstra oplieding dwaan wolle, mar dat se dêr faak gjin tiid of gjin jild foar ha. Neffens Jan Kampherbeek fan CNV Vakmensen is der in grutte groep, hast 40 persint fan de wurknimmers, dy't in in ekstra oplieding dwaan wol as se der jild, tiid en begelieding by krije. "Daar ligt onze uitdaging."
"Skjinmakkers wolle wol"
Ut de analyze fan it fakbûn blykt ek dat minsken mei in hegere oplieding folle faker in ekstra oplieding dogge as minsken dy't in legere oplieding ha. It fakbûn is der benaud foar dat sa it byld ûntstiet dat dy lêsten net wolle.
"Het probleem is niet dat mensen niet willen, integendeel. Het scholingsfonds voor schoonmakers bijvoorbeeld draait al een aantal jaren uitstekend, we werken zelfs met een wachtlijst. Veel mensen willen best eens iets anders, maar de drempels zijn te hoog."
It jild is ek it probleem net, seit Kampherbeek. "Er is geld zat, maar het zit nu opgepot en gelabeld. We kunnen in Friesland zo een regionaal scholingsfonds starten, met geld uit de verschillende opleidingsfondsen, sectorfondsen en een bijdrage van de provincie."