Waadferiening begjint petysje tsjin gaswinning yn Waadgebiet

13 feb 2018 - 10:04

De Waadferiening is in petysje begûn tsjin de gaswinning yn it Waadgebiet. Oanlieding fan de petysje is de komst fan in boarplatfoarm oan de noardkant fan Skiermûntseach, bedoeld foar proefboarrings nei gas. It Britske gaswinbedriuw Hansa Hydrocarbons oerfoel it gemeentebestjoer en de aksjegroepen hjir ein ferline wike mei.

Neffens de Waadferiening nimt de druk op it Waadgebiet troch de boarrings hieltyd fierder ta en is de gaswinning in direkte bedriging fan it kwetsbere natuergebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)