Anonime tipjouwers klikke hieltyd faker, en foaral oer drugs

De plysje fan Noard-Nederlân hat it ôfrûne jier mear tips krigen fia Meld Misdaad Anoniem as it jier dêrfoar. Yn 2016 wiene der 1400 anonime tips, yn 2017 wiene dat der goed 100 mear.
De measte tips geane oer drugs, mar oan de hân fan de anonime tips hat de plysje fan Noard-Nederlân ek 2000 kilo oan eksplosyf materiaal yn beslach naam, in fjoerwapen, en mear as 300.000 euro. Dat blykt út de jiersifers fan Meld Misdaad Anoniem.
Grutte partijen kokaïne
Yn hiel Nederlân sjocht Meld Misdaad Anoniem al jierren dat it oantal meldingen oer harddrugs groeit. Yn fergeliking mei 2010 is it tal meldingen foarich jier sels ferdûbele. De tips ha der foar soarge dat der grutte partijen kokaïne ûnderskept binne, drugslabs ûntmantele, en strjithannel oanpakt, seit Meld Misdaad Anoniem.
Oerfal mei Kalasjnikov
Yn Noard-Nederlân binne der yn totaal 28 saken oplost troch de anonime tips. Yn ús provinsje ha de meldingen ûnder oare soarge foar de oanhâlding fan fjouwer minsken dy't derfan fertocht wurde dat se mei in Kalashnikov in coffeeshop yn Wolvegea oerfallen ha. Se mishannelen ien fan de meiwurkers, en namen jild en drugs mei. Yn desimber waard in 41-jierrige man feroardiele yn dizze saak. Trije oare fertochten sitte noch fêst.
Oardel miljoen euro oan drugs
Dat de plysje yn novimber yn in skuorre yn Haulerwyk in drugslab ûntmantelje koe, kaam ek troch in in anonime tip. De bewenner fan it hûs neist it drugslab is oanholden, krekt as twa mannen út Guatemala.
En yn oktober waard in Ljouwerter tsiisferkeaper (45) feroardiele ta in finzenisstraf fan seis jier, en in boete fan 20.000 euro, omdat er, mei in 50-jierrige frou út Ljouwert, mei in lading kokaïne yn syn tsiiswein ûnderweis west hie nei Ingelân.
Yn Hoek van Holland hold de dûane de smokkelders tsjin. Se hiene 65 kilo coke by har, mei in strjitwearde fan oardel miljoen euro. Se waarden pakt op basis fan in anonime tip.