Fryske artyst wint belangrykste Nederlânske poppriis

13 feb 2018 - 08:08

De Fryske artyst Thomas Azier hat in Edison wûn yn de kategory 'alternatyf'. De Edisons wurde sjoen as de belangrykste Nederlânske popprizen. Se waarden moandeitejûn útrikt yn Amsterdam.

Azier krige de priis foar syn album 'Rouge'. Neffens de sjuery steane dêr nûmers op dy't ûnder de hûd krûpe, en pikefel jouwe.

Azier groeide op yn Nijeberkeap, en studearre oan de akademy foar popkultuer yn Ljouwert. Rouge is syn twadde album. Foar syn earste album, Hylas, wûn er yn 2015 ek al in Edison yn de kategory 'alternatyf'.

Babylon is ien fan de nûmers fan it album Rouge fan Thomas Azier.

Trefwurden: 
Thomas Azier Edison muzyk
(advertinsje)