Usain Bolt lokwinsket 'wjerljocht' Kramer mei sjampanje

13 feb 2018 - 07:37

Sven Kramer krijt in grutte flesse sjampanje fan de Jamaikaanske topsprinter Usain Bolt. Dy hie foarôfgeand oan de Olympyske Spelen alle gouden medaljewinners sjampanje tasein, as se him online in berjocht stjoere soenen dêr't yn te sjen is dat se de oerwinning fiere mei de karakteristike wjerljocht-poaze dêr't 'Lightning' Bolt bekend mei wurden is.

Op twitter lokwinsket Bolt Kramer mei syn gouden medalje op de 5 kilometer. Hy neamt it earfol dat Kramer syn poaze docht, en sil him graach in kadootsje stjoere. "I am so honoured you celebrate doing my pose. I will be glad to send you a present as promised."

It kadootsje? In Magnumflesse sjampanje. Kramer reagearret koart mar krêftich, ek fia twitter: "Thx Man!"

Bolt wie yn 2008, 2012 en 2016 Olympysk kampioen op de 100 en op de 200 meter sprint. Yn 2004 die er ek mei oan de Olympyske Spelen. Doe waard er foar de finales útskeakele.

Kramer helle syn earste Olympyske medalje op de Spelen fan 2006 yn Turijn. Dat wie in sulveren plak op de 5 kilometer. Yn 2010, 2014 en 2018 wûn Kramer goud op dy ôfstân, mar tsjin de NOS sei er dat de huldiging yn Turijn de moaiste wie.

(advertinsje)