Kollum: "Egoïst tot in de kist"

13 feb 2018 - 07:20

"Binne jim der klear foar? Ha jim de sjips en it bier al op 'e tafel om aanst fia de livestream te sjen hoe't it ôfrinne sil? Hjoed is it ommers d-day, de dei dat de Earste Keamer definityf beslisse sil oer de nije wet Orgaandonaasje.

As Pia mei har foarstel ien ding dúdlik makke hat, is it wol dat de minske in nuver ding is. Dat liedt ik ôf út alle ferskillende kommentaren. De redenen wêrom't minsken tsjin de eventuele wet binne, ûntrinne inoar nochal. Guon sizze dat de Steat fan harren lichem en syn ûnderdielen ôfbliuwe moat. Dy ha it oer it rjocht op selsbeskikking, en dat dat oantaast wurdt. Harren motto klinkt sa: 'Myn organen binne gjin Steatseigendom.'

Se ha gelyk. Dat binne it ek net. En dat wurde it ek net, ast de pinne krijst en in krúske setst by it hokje 'nee'. Yn in brief dy'tst op de matte krigest. Oant twa kear ta. Ast dan noch te lui of te sleau of te ferjitlik bist omdat de auto foar de APK moat of de kontener by de dyk, binne dy organen noch net automatysk eigendom fan de Steat: de lêste beslissing is altyd oan de neibesteanden.

It punt is dat je mei sa'n eventuele wet twongen wurde om oer jins stjerlikens nei te tinken. Dat is foar in hiele protte minsken konfrontearjend en in barriêre. Wylst je dat al folle faker dogge. Troch it ôfsluten fan in libbensfersekering, bygelyks. En in útfeartfersekering.

Dochs is de kombinaasje fan dea en organen ôfstean blykber noch wat oars. Opmerklik genôch sit de measte wjerstân tsjin sa'n regeling benammen yn de spirituele hoeke. Krekt dêr, dêr't wakker praten wurdt oer ferbûnens en leafde en kosmyske enerzjy, blykt, as it derop oankomt, yndividualisme en egoïsme foar master op te slaan.

Yn dy hoeke wurdt nammentlik warskôge foar it gefaar fan 'zielenverstrengeling'. Ien fan dy o sa spirituele minsken sei dat se de absolute wissichheid ha wol dat se mei al har organen yntakt de kiste yngiet. En dat dy timpel dy't har lichem wie folslein ta jiske wurdt. 'Utstroaie oer de Noardsee, graach,' sei se, 'mei de jiske fan de hûntsjes derby. Neat gjin stikje fan my dat noch meilift yn it liif fan in oar dy't my hieltyd wer nei de ierde talûkt; nee, myn enerzjy reizget frij en fleurich en zen troch it universum.' In spiritueel bewuste 'egoïst tot in de kist', mei oare wurden. Net dat it yn de religieuze hoeke folle better, as ik guon rabbinen en dûmnys leauwe moat. Dêr klinkt it begryp Neisteleafde like hol as de ferlechjes dy't se betinke om derfoar wei te winen.

Nee, jou my dan de a-spirituele Britt Dekker mar, dy't mei har ûnferwachts emosjonele betooch by DWDD oer har heit dúdlik makke wêr't it echt om giet. Har heit hie mei syn hommelse dea seis oare minsken in libben jûn. En Britt sei dat se dat wol hiel cool fûn. Oprjocht en mei de triennen yn de eagen. In ferromming nei alle hypokrite humbuch fan de spirituele minske.

Ta beslút noch dit: dy't net donearret, ferliest syn rjocht op ûntfangen. Ek in kosmyske wet. Ien fan oarsaak en gefolch."

(advertinsje)