Soad kuierpaden yn Lauwersmargebiet steane ûnder wetter

It Lauwersmargebiet hat te krijen mei tige wiete grûn. Op guon plakken leit der sa'n soad wetter dat kuierpaden ûnder wetter rûn binne. "Het lijkt hier wel een sloot, maar het is toch echt bedoeld als wandelpad", seit boskwachter Jaap Kloosterman fan Steatsboskbehear tsjinoer RTV Noord, wylst er troch it gebiet rint.
Neffens Kloosterman hawwe net allinnich kuierders lêst fan de wiete paden, mar ûnderfine ek bisten yn it gebiet der hinder fan. De bisten kinne troch de hege wetterstân minder goed fretten fine. "Soorten als de kleine zwaan hebben het moeilijk. Ze kunnen door het hoge water niet goed bij het voedsel en moeten dus verder trekken."
In ferklearring foar it hege wetter hat Kloosterman net. "Je kunt heel gemakkelijk zeggen: 'Het komt door klimaatverandering', maar dat moet nog blijken."